De alderearste eksamenkandidaat Frysk op it Liudger yn Waskemar

Op tiisdei 30 maaie om 9 oere starte foar Nynke Meestringa út Wynjewâld har lêste eksamen. Foar de skoalle yn Waskemar in primeur, want it wie de alderearste kear dat der in learling slagje koe foar it fak Frysk.

Geeske van der Sluis, dosinte Frysk op it Liudger Waskemar: ,,It is fantastysk dat Nynke eksamen dwaan koe yn har eigen memmetaal. Nynke is in echte Fries en fûn it in aardichheid om har ek yn de boppebou dwaande te hâlden mei de Fryske taal en kultuer. Se hat sels de ambysje om ek dosinte Frysk te wurden; tige bysûnder dat ik har dêrby begeliede mocht.”

Oft der yn de takomst ek wer eksamenkandidaten foar it Frysk komme sille, hinget fan in protte ôf, mar dit eksamen pakt yn elk gefal nimmen mear fan Nynke ôf!

 

-Vertaling-

Op dinsdag 30 mei om 9 uur startte voor Nynke Meestringa uit Wijnjewoude haar laatste examen. Voor de school in Waskemeer een primeur, want het was de allereerste keer dat er een leerling kon slagen voor het vak Fries. 

Geeske van der Sluis, docent Frysk aan CSG Liudger Waskemeer: ,,Het is fantastisch dat Nynke examen kon doen in haar eigen moedertaal. Nynke is een echte Fries en vond het een aardigheid om zich ook in de bovenbouw bezig te houden met de Friese taal en cultuur. Ze heeft zelfs de ambitie om ook docent Fries te geworden; erg bijzonder dat ik haar daarbij begeleiden mocht.”

Of er in de toekomst ook weer examenkandidaten voor het Fries komen, hangt van veel af, maar dit examen pakt in elk geval niemand meer van Nynke af!

 

Meer weten over Taalryk-onderwijs? Ga naar www.csgliudger.nl/taalryk